_onsale
zaterdag 2 maart
Deur 20:00 - Aanvang 20:30

Op sneon 2 maart is de ôftraap fan de Moanne fan it Fryske boek mei Willem Schoorstra. Hy skreau it Fryske boekewikegeskink Rosmos datst de hiele moanne maart kado krigest by oankeap fan € 12,50 oan boeken. Dizze jûn op it programma: fansels de útrikking fan it earste eksimplaar fan it kadoboek Rosmos oan deputearre Sietske Poepjes. Fierder master tattoeëarder Rinto dy’t smoute ferhalen fertelt en muzyk fan de Junkyard Dogs dy’t de spesy tusken de stiennen wei spylje sille. Kom del!

Zaal: Grote Zaal